De sport keatsen libbet. En net allinnich yn Noard-West Fryslân. Dat docht wol bliken doe’t ús fraachpetear mei keatster en calo-studinte Lusanne Klaver de iene nei de oare ‘like’ krige.
Lusanne fertelde dat se faak útlizze moast hoe’t it keatsen presys wurket. Dat begripe wy tige goed. De rest fan Nederlân hâldt fan fuotbaljen, hockey, atletyk of hânbal. Mar miskien krije wy Windesheim ea noch oan ‘e keatssport.
Lusanne wol nammentlik mei alle leafde in pear treningen jaan. Oefenje alfêst mar mei: de bal, it partoer en griene perk, wa’t dat net sizze kin, is gjin oprjochte keatser!